AS IK NET MEAR WIT

 

GEDICHTENBUNDEL (fragmint)

1
hoe't it klinkt en fielt
dat de wyn ynienen
opstekt
of der leit snie op in
moarn op'e bleek
of der is in beppe dea
of de dútsers binne oer
de grins riden
op tsien maaie.

2
Of dat fanke fan bûtenút
fytst op in dei yn'e
simmer
troch it doarp mei de
rokken om'e mul,
in fanke fan goed
tweintich en wat woe se
dêr mei?


AS IK NET MEAR WIT